Rûnom diele wy struibrieven út.
Berjocht op de webside fan it Frysk Deiblêd
Parseberjocht fan Sis Tsiis fan 30 septimber 2022
De bern yn Dokkum en omkriten krije sa’t it no liket net de kâns om yn de Berneboekewike noflik yn Frysktalige berneboeken om te sneupen.
In pear jier lyn waard de lêste boekhannel yn Dokkum oernaam troch de firma Van der Velde út Ljouwert. Al gau waard it de leden fan ‘e Boarger Aksjegroep ‘Sis Tsiis’ dúdlik dat wêr’t de Nederlânsktalige berneboeken suver in eigen berneboekewinkel krigen, de Frysktalige berneboeken op in sneu plankje earne efterôf yn de grutte-minsken-ôfdieling fan de saak bedarren. Dat kin dochs net sa yn it haadplak fan in gemeente as Noardeast-Fryslân, dy't alle jierren op alle basisskoallen oan de bern fan in groep in Frysk boek jout, om harren te stypjen by it lêzen fan harren memmetaal.
Wy hawwe sa troch de jierren by de direktrise fan it filiaal en by de direkteur fan Van der Velde yn Ljouwert wol in kear of fjouwer-fiif frege om in bettere oplossing, mar nee wêr’t soks yn Ljouwert wol kin, kin soks yn it filiaal fan Dokkum perfoarst net.
Ommers as jo it Frysk foar it Nederlânsk oer net diskriminearje wolle, dan sille krekt as yn biblioteken en oare boekhannels yn Fryslân bern sokke boeken njonkenelkoar fine moatte. Benammen de lytsere bern dy’t noch foarlêzen wurde, kieze in boek no ienris net op taal mar op útstrieling. As bern, âlden, pakes en beppes earst in meiwurker freegje moatte oft de winkel ek Frysktalige berneboekjes ferkeapet, dan wurdt soks twa kear neat!
Wy wolle dêrom ûnder de Berneboekewike, 5 oant 16 oktober, aksje fiere. Wy trúnje der by boekhannel Van der Velde op oan om de Frysktalige berneboeken yn it filiaal yn Dokkum net langer op it janpoepsplak te ferstopjen, mar se foar de bern yn Dokkum en omkriten nei dy prachtige romte mei Nederlânske berneboeken te ferhúzjen. Dy pear boekjes kinne der wier wol by. Ommers, wy wolle itselde as de boekhannel yn Dokkum, dat der mear Frysktalige berneboeken ferkocht wurde. Of net soms?
BoargerAksjegroep 'Sis Tsiis'
30 septimber 2022
Sels yn koroanatiid moat 'Sis Tsiis' aksjefiere foar better Frysk op skoalle. De foar it Frysk deadlike opmerking fan de deputearre Frysk, dat skoallen wol wat oars oan ‘e holle hawwe soene, skerpet ús om der boppe-op te sitten. Ommers as wy it oer it oanbieden fan ‘e haadfakken taal en rekkenjen hawwe, dan hawwe wy it sûnt 1980 fansels oer it Frysk en it Nederlânsk. Wy wolle dêrom ek yn dizze tiid it Frysk op ‘e skoallen goed yn it byld hâlde. Dat kin yn de foarm fan dizze permaninte enkête.
De ûndersikers Varkevisser en Walsweer hawwe wol in tsjok rapport skreaun oer hoe't it der mei it ûnderwiis hinne lei yn 2018. Mar hoe hat it him dêrnei ûntjûn? De skoallen rinne sels net bepaald te keap mei wat hja oan it ûnderwiis yn it Frysk dogge. Wy wolle mei dizze enkête kontinu de finger oan de de pols hâlde.
Der wurde mar in pear fragen steld, mar der is in goeie kâns dat jo net wis genôch binne om op alles antwurd te jaan. Dan freegje wy jo om der earst efkes mei de (berns-)bern oer te praten, of oars mei harren juffen en masters. Dat der oer praten wurdt is benammen ek in doel fan dit projekt. Dêr wurdt it besef fan it belang fan goed ûnderwiis yn de memmetaal by dejingen dy't by it ûnderwiis betrutsen binne grutter fan. En dat is nedich, want út it nijste rapport fan de ûnderwiisynspeksje docht bliken dat in soad skoallen sleau mei it Frysk binne, om't hja tinke dat de âlden Frysk ûnderwiis net stypje, wylst dy dat wol wichtich fine.
De resultaten fan de enkête binne op ús webstee kontinu oant en mei it lêste ynfolle formulier beskikber. Sa kin eltsenien op 'e hichte bliuwe fan alle ynformaasje dy't wy mei-inoar oandrage. De skoallen witte dan ek dat der nei sjoen wurdt. Soks hellet it bettere hâlden en dragen nei boppen.
Wy sille de enkête ek brûke by ús struibrieve-aksjes. Troch minsken op 'e dyk te freegjen om in enkête yn te foljen komme wy yn kontakt mei minsken en kinne wy in soad ynformaasje oer harren krite of plak ynwinne. De goede en de minder goede skoallen wurde dêrmei sichtber.
As mei de tiid der mear ynformaasje ynwûn wurdt, sil de resultaatside ek útwreide wurde. Wy kinne tiidbalkjes meitsje om de ûntjouwings wer te jaan. En de side sil dynamysker wurde mei't de brûker sels filters ynstelle kinne sil om spesifike groepen te selektearjen (ûnder- of boppebou, in bepaald plak of streek, ensfh.).
Neat mear as de datum en de ynformaasje dy't jo ynfolle hawwe wurdt nei ús tastjoerd en bewarre. Foar jo anonimiteit steane wy yn.
Ús ynformaasje oer de profilen fan de skoallen hawwe wy fan Wikipedy: List_fan_profilen_Fryske_taal_(basisskoallen) en List_fan_Profilen_Fryske_Taal_(Fuortset_Underwiis)
Tongersdei 17 oktober 2019 is der in fisitaasje fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa nei oanlieding fan de lêste rapportaazje fan it ministearje fan Ynlânske Saken oan de Ried fan Europa oer de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (ratifisearre yn 1996) op it mêd fan it Frysk.
- As BoargerAksjegroep Sis Tsiis binne wy fan betinken dat dy rapportaazje al wer in fierstente moai byld jout fan wat der wier oan de hân is mei it Frysk. It rapport stelt dat der allegearre positive ûntwikkelings binne, mar wy sjogge rûnom ,grutte misstannen lykas dy by it Koopmans Kolleezje yn Hurdegaryp. Trijekwart fan de skoallen hâldt him net oan de wet!
Ûntwerp foar in Frysk plysje-unifoarm
De Ried fan de Fryske Beweging, de FFU en Boargeraksjegroep Sis Tsiis hawwe op woansdei 26 juny mei in grut tal Friezen nei De Haach west om oan de Twadde Keamer en it regear dúdlik te meitsjen dat it Ryk better syn plichten neikomme moat oangeande it Frysk.
Dy dei kaam yn in Algemien Oerlis fan de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (AO) de stân fan saken oangeande it Frysk oan 'e oarder sa't dat foar de kommende perioade 2019-2023 yn de nije BFTK fan Provinsje en Ryk beskreaun stiet. Oanlieding wie in petysje fan de Ried, oanbean oan de Keamerkommisje yn desimber 2018, mei soargen oer tekoartkommings yn dy bestjoersôfspraak. Dat hat laat ta fragen oan de minister. De skriftlike reaksje fan de minister op dy fragen wie de Keamerkommisje net nei 't sin en dêrom is de minister opnij útnûge om yn de kommisje ferantwurding ôf te lizzen. By útstek de gelegenheid dus om as Fryslân sjen te litten dat we fan ‘De Haach' ferwachtsje dat se it Frysk serieus nimme en de ferplichtings neikomme sa't dy yn allerhanne hânfêsten, ramtferdraggen en wetten fêstlein binne.
Op sneon 9 maart 2019 hat de BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ yn Ljouwert in demonstraasje hâlde foar better Frysk ûnderwiis hâlden. Goed ûnderwiis yn de memmetaal is in bernerjocht lykas fêstlein yn it Ramtferdrach foar de beskerming fan Nasjonale Minderheden en it Europeesk Ferdrach foar Regionale of Minderheidstalen. Der hat oant no ta noch net in rapport fan Committee of Experts of the European Charter for Regional or Minority Languages west dat it Nederlânske belied in ‘foldwaande’ joech.
Wy binne fan betinken dat alle minsken gelyk binne en dat Fryske bern lykweardich binne oan Hollânsktalige bern,dy’t folweardich ûnderwiis yn harren memmetaal krije.
Fan lykberjochtiging = fan Fryske bern is yn it ûnderwiis yn Fryslân noch lang gjin sprake, mei as gefolch dat 85% fan de Fryske bern as analfabeet yn de memmetaal fan skoalle komt, wylst it Frysk al 38 jier as ferplichte fak yn de wet opnommen is. It Taalplan fan de provinsje hâldt yn dat it noch 12 jier duorje mei foardat alle skoallen oan de kearndoelen foldogge, sadat der dus in heale iuw ferlern gien is foardat de wet útfierd wurdt.
Der is ek fotoboekje makke fan ús struibrieveaksje op 25 febrewaris by de ôftraap fan de kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings.
Om ús better fan de omstanners ûnderskiede te kinnen, hawwe wy blauwe heskes oan.
Op 1 desimber hawwe wy mei in ploechje 'Sis-Tsizers' tusken twaën en fjouweren sa'n tûzen struibrieven útsutele op de Nijstêd.
Sjoch hjir foar it filmke fan de Ljouwerter Krante
Om trije oere begûn it evenemint foar de skoallen. De bern dan de Wynwizer en de Franciscus-skoalle hawwe harren tige fermakke mei de krêftspultsjes fan Wout Zijlstra. Dêrnei wie de priisútrikking en krigen de skoallen in oarkonde en in pakket fan sa'n fyftjin boeken foar de bibleteek.
Wy hawwe mear foto's yn in lyts fotoalbum fan it evenemint.
'Sis Tsiis' is in aksjegroep fan gewoane boargers dy't harren ynsette foar harren memmetaal. Hja wolle dat de bern dy taal goed leare kinne en ek leare dat hja wiis wêze meie om wêr't se wei komme. En dêrom bestride wy ek de diskriminaasje fan ús taal.
'Sis Tsiis' wie oprjochte om de demonstraasje fan 22 desimber 2016 te organisearjen. Dêr die bliken dat der ferlet wie fan mear aksjes. Yn twa opsichten: Friezen wolle mear dwaan foar harren taal en om risseltaat te berikken moatte wy ek oanhâlde as storein.
BAST is in ploech sûnder hiërargyske organisaasjestruktuer en hat ek net in rjochtspersoan yn de foarm fan in stifting of in feriening.Om aksjes útfiere te kinnen, wurdt BAST finansjeel stipe troch in oare stifting: it 'Ûnderwiisfûns foar de Fryske Taal'. Dy organisaasje is oprjochte yn 1909, doe't it foar it earst mooglik waard om Frysk op skoalle te jaan. Dat wie dan wol bûten skoaltiid en op frijwillige basis sawol foar learlingen as foar ûnderwizers. 14 legere skoallen binne sa begûn mei it jaan fan it fak Frysk. It doel fan it ûnderwiisfûns wie om jild yn te sammeljen foar de oanskaf fan lesmateriaal foar dy skoallen. De oprjochters fan itÛnderwiisfûns wiene: Waling Dykstra, Cornelis Wielsma, Petrus Adrianus Wilhelmy, Sjirk van der Burg, Pieter de Clerck, Jan Jentsje Hornstra en Onno Sytstra.
As jo ús no finansjeel stypje wolle, kin dat troch in jefte oer te meitsjen nei de bankrekken fan it 'Ûnderwiisfûns foar de Fryske Taal':Wolle jo reagearje op dizze side?
Stride jo ek mei?