Foar better Frysk de dyk op
Der moat no einlings ris 'rjocht' dien wurde!
Dy stiid is noch lang net foarby en wy dogge sadwaande benammen in driuwend berop op ús beliedsmakkers en steateleden om folslein har eigen ferantwurdlikens te nimmen. Ús politisy binne der om it algemien belang te tsjinjen en se meie har net ferskûlje efter (guon) skoalmanagers dy't op ferkearde ideologyske grûnen it Frysk leafst safolle mooglik bûten de skoalle keare wolle.
It Frysk moat dus as fak en as fiertaal in (oan it Hollânsk) lykweardich plak krije yn ús ûnderwiis mei:
Sjoch foar mear ynformaasje oer de wei lâns de rjochter by De stifting 'Sis Tsiis'.
Itselde jildt foar it ûnderwiis yn de skiednis fan de Friezen of de Fryske skiednis, dêr't noch altiten gjin kearndoelen foar skreaun binne.
Sûnt de 'ferplichting' yn it basisen fuortset ûnderwiis is de emansipaasje fan it Frysk net fan 'e grûn kommen. In effektive ymplemintaasjestategy hat altiten ûntbrutsen. Soks kin net noch ris 12 jierfertraging ferneare, sa't Deputearre Steaten yn in útstel betocht hiene. Dan binne wy nei de earste wetswiziging fan 1974 yn mear al in heale iuw noch gjin sprút opsketten. Sok tiidrekken lost neat op en tsjûget net fan trochpakken. Alles ta grutte skea fan de bern, dy't al lang rjocht hawwe op goed ûnderwiis yn it Frysk.
Der moat no einlings ris 'rjocht' dien wurde! Dy stiid is noch lang net foarby en wy dogge sadwaande benammen in driuwend berop op ús beliedsmakkers en steateleden om folslein har eigen ferantwurdlikens te nimmen. Ús politisy binne der om it algemien belang te tsjinjen en se meie har net ferskûlje efter (guon) skoalmanagers dy't op ferkearde ideologyske grûnen it Frysk leafst safolle mooglik b ûten de skoalle keare wolle.
0m dy reden sette wy ús as BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST)
mei ynmoed ek yn foar de 'dúdlike doelen foar in Fryske takomst' út de Skaadbestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023
('skaadBFTK' fan de Ried fan de Fryske Beweging, juny 2018, s. 913, oan te klikken op:
www.fryskebeweging.frl/wp-content/uploads/2018/04/RFFB-skaad-BFTK.pdf). Dy doelen, dy’t in gearfetting binne fan dy fan de Feriening Frysk ûnderwiis (FFU),
moatte yn de kommende fjouwer jier yn it skoalprogramma ymplemintearre wêze om alle bern sa fier mooglik te krijen. It moat mei de emansipaasje fan it Frysk allegearre folle flugger, folle better en folle effektiver!
Wolle jo reagearje op dizze side?
Stride jo ek mei?
1. Ryk en Provinsje steane yn mienskiplike ferantwurdlikens noed foar it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen en it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden, beide fan de Ried fan Europa. De ferdraggen wurde op de dêrta stelde tiden hifke. De advizen fan Dingtiid (in wichtich advysorgaan foar it Ryk en de Provinsje) wurde wat dy ferdraggen oanbelanget foar earnst nommen. Opgean yn in grutter lânsdiel is net yn it belang fan de Fryske taal en kultuer.
2. By it Frysk heart in folweardige trochgeande learline fan pjutten oant en mei universiteit. Yn bern- deiferbliuwen en pjutteboartersplakken wurdt it Frysk op syn minst yn de helte fan de kontaktoeren as fiertaal brûkt. De basisskoallen sette alle jierren stappen om de kearndoelen sa gau mooglik te heljen en om sa it Frysk in lykweardich plak te jaan yn it meartalich konsept. It Frysk wurdt krekt as alle oare fakken yn de jierlikse kwaliteitsbeoardielings meinommen. Learkrêften yn de basiskoallen hawwe it foech Frysk of helje dat binnen twa jier. De ynspekteurs dy’t yn Fryslân wurkje, behearskje it Frysk.
3. Yn it fuortset ûnderwiis wurdt it Frysk yn alle learjierren op syn minst twa oeren jûn, wylst it tagelyk as ferplichte eksamenfak opnommen wurdt. Wat de kearndoelen oanbelanget wurdt net langer ûnderskied makke tusken Frysk foar Frysk- en net-Frysktaligen. De skoallen moatte genôch learkrêften hawwe om it Frysk as fiertaal brûke te kinnen. Yn it middelber beropsûnderwiis is it Frysk in ferplichte ûnderdiel as fak en as fiertaal, wylst it Frysk tagelyk in ferplichte eksamenûnderdiel is. Ôfstudearre studinten fan Pabû NHL/Stenden kinne meartalich ûnderwiis jaan mei in lykweardich plak foar it Frysk.
4. Foar it jaan fan it fak Frysk bliuwt in earstegraads oplieding nedich, nettsjinsteande it tal studinten. Frysktalige studinten oan de universiteit krije de gelegenheid om fan it Frysk gebrûk te meitsjen. Foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer docht de Provinsje ûndersyk nei de foardielen fan gearwurking tusken hegeskoallen, de Fryske Akademy en Campus Fryslân as it giet om meartaligens en kultuer (Skaad-BFTK, s. 5-6).