BoargerAksjegroep Sis Tsiis



Fakkeloptocht

Dit is it begjin fan 'Sis Tsiis'

Foar better Frysk op skoalle de dyk op, Ljouwert 22 desimber 2016

'De aksjes fan de fakkeloptocht fan 22 desimber 2016 oant no ta

Fakkels en flaggen

Ús eigen skiednis

Net allinne troch it oplizzen fan it Algemeen Beschaafd Nederlands, mar ek troch it sûnt 1800 hast folslein op Hollân rjochte skiednisûnderrjocht moasten de boargers fan it Keninkryk fan Nederlân in steatsnasjonale identiteit krije. Sadwaande krige ús eigen Fryske skiednis gjin plak yn de opliedings en yn it iensidige, Hollânsktalige lesmateriaal En dat wylst de skiednis fan de Friezen en it Frysk wol tsien kear sa âld is as dy fan it Keninkryk. 1500 jier lyn hiene de Friezen al in eigen kening en harren ryk rûn fan it hjoeddeiske Noard-Frankryk oant Denemark ta. En de heroyk fan dy tiid docht net ûnder foar de Gouden Iuw (de 17de iuw), dêr't benammen de maatskiplike boppelaach út it folle lytsere Hollân better fan wurden is. It is boppedat goed om te witten dat der ek yn Dútslân noch altiten Friezen yn East-Fryslân (Ost-Friesland) en Noard-Fryslân (Nordfriesland) wenje dy't harsels likegoed Frysk fiele, in eigen Fryske taal prate en in wichtich oanpart hawwe yn ús eigen Fryske skiednis.

22 desimber 2016: Grutte fakkeloptocht, foar it skrassen fan it ûntheffingenbelied.

Highlanders

12 maaie 2017: Yntsjinning fan it beswierskrift tsjin it provinsjale ûntheffingsbelied by de provinsje


Highlanders

23 septimber 2017: Kuiertocht nei betinking Slach by Warns


5 oktober 2017: Demonstrative tocht nei de harksit ûntfaklikens beswierskrift fan Sis Tsiis

19 oktober 2017: Earste petear Sis Tsiis mei kultuerdeputearre Sytske Poepjes

1 novimber 2017: Ôfwizing beswierskrift fan Sis Tsiis


Fiadukt Damwâld

18 novimber 2017: Demonstraasje by D66-kongres yn Ljouwert Demonstraasje by viadukt yn Sintrale As by Damwâld (Sinterklaasyntocht)

14 desimber 2017: Twadde petear Sis Tsiis mei kultuerdeputearre Sytske Poepjes


Highlanders

2 febrewaris 2018: Demonstraasje by iepening fan OBE


14 febrewaris 2018: Steatekommitee oer rapport Walsweer


6 - 8 septimber 2018: Struibrieven útdiele by Admiraliteitsdagen yn Dokkum

Dokkum 1


12 septimber 2018: Struibrieven útdiele by Iepen Poadium gemeente Ljouwert by de besprekking fan it taalplan. Ynsprekker: Willem Riemersma

Taalplan Ljouwert

20 septimber 2018: Struibrieven útdiele by it provinsjaal ûnderwiis sympoasium yn Thialf. Sjoch de útstjoering fan Hjoed fan dy dei.


28 septimber 2018: Struibrieven útdiele by betinking Slach by Warns

reaklif2018a

reaklif2018C   reaklif2018b

17 oktober 2018: Struibrieven útdiele by steatekommitee besprekking taalsurvey: Taal yn Fryslân de folgjende generaasje, Cor Jousma sprekt yn.

1 desimber 2018: Struibrieven útdiele by de Weach yn Ljouwert. Skoallen mei in heech profyl wurde yn it sintsje setten.

Skoallen yn Ljouwert yn it sintsje


25 febrewaris 2019: Ôftraap fan de ferkiezingskampanje fan Provinsjale Steaten. Wy wiene derby om sjen te litten dat dy ferkiezings wichtich binne. En dat de provinsje in soarchtaak foar it Frysk oer hat, dy't mear omtinken freget.

struibrieven 25 febrewaris


9 maart 2019: Grutte manifestaasje yn Ljouwert om it Frysk heger op de wurklist fan de provinsjale polityk te krijen.

Manifestaasje 9 maart


Ein maart 2019: Ferkiezingsaksje...

April 2019: Op nei De Haach...

Dêr sille wy ús politisy fernimme litte dat dat wy mar min te sprekken binne oer harren soarch foar it meast wêzentlike part fan de Fryske kultuer: ús memmetaal!




Wat fine jo?

Wolle jo reagearje op dizze side? Brievebus

Stride jo ek mei?

Alle bern yn de provinsje Fryslân hawwe rjocht op goed ûnderwiis yn it Frysk

Der wurdt Frysktalige bern ûnrjocht oandien. It is ús lulkens oer dy misdied dy’t ús benammen yn beweging bringt. Jonge bern sels kinne harsels net ferdigenje. Dêrom dogge wy as folwoeksenen dat. Wy freegje jimme: doch mei en lit fan jim hearre of sjen! Der moat noch hiel wat feroare en bebettere wurde!

De memmetaal spilet in ûnskatbere rol yn de ûntjouwing fan de persoanlike en kulturele identiteit. Bern dy’t solide ferankere binne yn har eigen taal, hawwe faak in djipper begryp fan harsels, har plak yn de maatskippij en har ‘sosjaal kapitaal’. Hja hawwe earder in positive ynderlike attitude, binne better oanpast oan ’e maatskippij, binne better by steat om goed om te gean mei oaren. Hja binne yn it algemien tefredener mei harsels en hawwe mear betrouwen yn ’e wrâld, likegoed as yn har eigen identiteit.

In bern dat op skoalle syn eigen taal ek op kultuertaalnivo leart, kin in positiver selsbyld ûntwikkelje en erkenning en wurdearring kweekje foar it eigen komôf. Dy is bewoartele yn de eigen kultuer, dêr’t de eigen taal in essinsjeel part fan útmakket. En it witten by in kultuer te hearren troch de memmetaal brûke te kinnen, kin de oergong nei nije omkriten makliker meitsje. In goede behearsking fan de memmetaal helpt it bern om de bannen mei de famylje better yn stân te hâlden en fersterket de yntegraasje yn de widere mienskip.

Taal, en dan benammen memmetaal, is de basis fan immen syn of har posityf selsbyld en selsûnderfining en as sadanich de basis fan it sosjale libben. Om dy redenen is ûnderwiis yn de eigen taal in minskerjocht. De Feriene Naasjes hawwe it fûnemintele rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal fêstlein yn 1951. Dêrnei is it rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal oernommen yn alderhanne ynternasjonale ferdraggen en oerienkomsten, lykas it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

Taal, en dan benammen de memmetaal, is de basis fan immen syn of har posityf selsbyld en selsûnderfining en, as sadanich, de basis fan it sosjale libben. Om dy reden sjogge we ûnderwiis yn de eigen taal in bernerjocht. It rjocht op ûnderwiis yn de eigen (offisjeel erkende) taal oernommen yn alderhanne ynternasjonale ferdraggen en oerienkomsten, lykas it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

Ek it ûnderwiis yn de Fryske taal is in minskerjocht. Alle bern yn de provinsje Fryslân hawwe rjocht op goed ûnderwiis yn it Frysk. Sis Tsiis stribbet nei it ferwêzentlikjen fan dat fûnemintele rjocht.

Ingelsk


Good education of the Frisian language for every child in Friesland

The mother tongue plays an invaluable role in the development of personal, social and cultural identity. Children who are anchored firmly in their first language often display a deeper understanding of themselves, their place within society, and their ‘social capital’. They are more likely to have a positive state of mind, to be well-adjusted to society, able to relate well to others, to be generally more satisfied with themselves, and to have confidence in the world, as well as in their own identity.

A child who learns his own language also formally is able to develop a positive self-image and to gain recognition and appreciation of its culture and origins. His growing in his own culture, of which the language is an essential component, and, his knowledge to belong to a culture by being able to use the mother tongue, facilitates the transition to a new environment. A good language proficiency in his own language helps a child to maintain closer ties with his family, and enhances his integration in the wider community.

Language, and above all the mother tongue, is the basis of a person’s positive self-concep and self-perception, and, this way, the basis of social life. For these reasons, education in the mother tongue is a human right. The United Nations enshrined the fundamental right to education in one’s own language in 1951. Thereafter the right to education in the mother tongue is adopted by various international conventions and agreements, like the European Charter for Regional and Minority Languages.

Education in the Frisian language is a human right as well. Every child in the province of Fryslân has the right to receive good education in Frisian. Sis Tsiis strives to realise that fundamental right.
Wolle jo ús helpe om ús struibrieven te te fersprieden?
Jo sille fernimme dat in hiel soart minsken hert hawwe foar harren memmetaal.
Dizze siden binne frij fan 'cookies' en personalisearre reklame.
Yn ús eagen binne jo net it produkt, mar in persoan dy't wy ynformearje wolle om ta in wiis oardiel te kommen.
Fine jo wat wy dogge in goede saak, en wolle jo ús stypje, dan meitsje jo ús tige bliid.
Jo kinne altiten meidwaan oan aksjes fan 'Sis Tsiis'.
Jo binne hjirby ek útnûge om jo by ús aksjegroep oan te sluten.
Jo kinne ús ek finansjeel stypje troch in bedrach oer te meitsjen op:
bankrekken NL 12 ABNA 0822 4870 12
o.n.f. Stifting Fryske Taal