"Frysk op skoalle" moat op de wurklist fan de polityk
Alle fotografen tige betanke!
Wolle jo reagearje op dizze side?
Út It Nijs, 9-3-2019
Hjoed, sneon 9 maart 2019, organisearre de Boargeraksjegroep 'Sis Tsiis' foar de twadde kear in grutte manifestaasje foar mear en better Frysk yn it ûnderwiis. De earste waard holden op tongersdeitejûn 22 desimber 2016. Dy stiet bekend as de 'Fakkeloptocht'. Tiden feroarje en Sis Tsiis feroaret mei. Dêrom diskear gjin fakkeloptocht mar in soarte fan blauwe festjesmanifestaasje op it Wilhelminaplein, it Saailân, yn Ljouwert.
De organisaasjes hie it waar tsjin. De depresje wie der earder as ferwachte en dat betsjutte reinwetter, hurde wyn en kjeld. Likegoed sammelen har mear as hûndert minsken by it Frysk Museum om mei te dwaan oan de demonstrative kuiertocht troch de stêd. De manifestaasje sette de middeis om trije oere útein mei in koarte taspraak fan Piter Dykstra fan 'Sis Tsiis'. Hy rôp jong en âld op om man- froumachtich efter sterke man Wout Zijlstra as in soarte fan Grutte Pier begelaat troch de muzyk fan de Cape Breton Highlanders (doedelsekspilers) oan te rinnen en sa in omgong troch de stêd te meitsjen. It waard in hiele optocht mei flachjes, toeters en grutte omheech holden spandoeken, dy't oer Wurdumerdyk, 'stille kant' Nijstêd en lâns de oare kant werom nei it Saailân gie. Underweis waarden mei nocht en wille flyers útdield. De optocht krige in protte omtinken fan it winkeljend publyk. Dat late tagelyk ta tal fan nijsgjirrige petearen. It moat sein wurde, op dat stuit wierre it waar mei.
Werom op it Saailân, krigen guon sprekkers de gelegenheid om de kuierders ta te sprekken, om te sizzen wêr't it op stie. Piter Dykstra foaroanman fan 'Sis Tsiis' sette útein. Syn ferhaal is as in apart artikel troch It Nijs opnommen. Dêr stiet net by dat Dykstra yn waar en wyn hâlden en kearen hie mei de papieren, mar dat wie wol sa. De twadde sprekker, de ûnderwiisman en tagelyk skriuwer en dichter Geart Tigchelaar, fan Sis Tsiis, fernijde de oanwêzigen dat it sûnder Frysk ûnderwiis net goed komt mei it Frysk. Syn ferhaal wurdt ek hielendal op It Nijs opnommen. Deputearre Sietske Poepjes wie frege om wat oer de stân fan saken te sizzen. Dat se dat die, kinne we posityf oer wêze. De druk op har om wat te dwaan nimt fan ferskillende kanten ta. Se hat te krijen mei BAST/SisTsiis, mei de Ried fan de Fryske Beweging en de Skaad-BFTK dêr't aanst yn De Haach it petear oer op gong komt, mei it Europeesk Buro fan Lytse talen en mear. Dat wie ek wat se sei, der moat wat barre. We moatte der mei-inoar de skouders ûnder sette.
We witte allegearre wol dat de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten fan 20 maart kommendeweis binne. Dêrom waard dizze manifestaasje no holden en dêrom waarden diskear fansels politisy frege om de taharkers te fernijen wêr't dy partijen yn dit ferhaal steane en wat wy fan har ferwachtsje kinne. De sprekkers dy't oan it wurd kamen, wiene: Douwe Hoogland (PvdA), Rendert Algra (CDA), Martijn Krikke (GrienLinks), Sijbe Knol (FNP) en dy waarden ferge om oer in ferskaat oan ûnderwerpen útspraken te dwaan.
Sa kaam oan 'e oarder dat de lêste jierren opnij te min foar it Frysk dien is en dat de ferliende ûntheffingen fierstente lang jildich binne. It is moai dat hieltyd mear minsken it oer 'Frysk is fun' ha, mar dat soks tagelyk te min is kaam ek op it aljemint. Sa murk Hoogland op dat elkenien it oer 'Taalpolizei' hat en dat it PvdA-progranmma dus goed lêzen wurdt. Likegoed is hy fan betinken dat it 'fun', taalwille yn syn wurden, wêze moat, mar hy seit ek dat de twadde rykstaal wol takomstbestindich makke wurde moat. Rendert Algra hat it oer nocht en wille oan de taal ha en dat we it gewoan dwaan moatte, wy allegearre, minsken likegoed as oerheden. En eins sizze Tjeerd Cuperus en Sijbe Knol gjin oare dingen. We moatte it mei-inoar dwaan en it moat goed regele wurde. Wat it CDA oanbelanget ha alle learkrêften Frysk yn 2023 ek it foech om mar in foarbyld te neamen.' Dêre moatte se mar oan holden wurde!
De taspraken duorren gjin skoften en diskusje bleau út. Dêr wie it it waar ek net nei. Likegoed kin de organisaasje op sa'n suterige middei mei sa'n opkomst en mei sokke útspraken foarsichtich tefreden wêze en weromsjen op in slagge manifestaasje, It liket de goede kant op te gean. Dat jout moed om fierder foar it Frysk te krewearjen, want we binne der noch lang net. Der sille nei alle gedachten noch hiel wat manifestaasjes holden wurden moatte.
Út LC, 11-3-2019
Het Fries moet een volwaardig vak op basisscholen worden met een inspectie vanuit de provincie en niet vanuit het rijk. Voor dit doel gingen zo'n honderd mensen zaterdag de straat op. De toespraken waaiden haast uit de handen, het was koud en er kwamen op het Zaailand in Leeuwarden zaterdag een derde minder mensen opdagen dan bij eenzelfde demonstratie in 2016. Maar burgeractiegroep Sis Tsiis houdt vol. ,,Wy komme op 'e dyk werom en wy geane troch mei politisi op 'e hûd te sitten'', zei Piter Dykstra namens Sis Tsiis in zijn slotwoord.
Die politici waren de reden om de tweede grote demonstratie voor betere Friese les op school op 9 maart te houden. Ruim voor de verkiezingen voor Provinciale Staten. De optocht door de stad, langs beide kanten van de Nieuwestad, werd op het Zaailand afgesloten met toespraken van verschillende politieke partijen.
De grieven van Sis Tsiis richten zich vooral tegen het beleid van de provincie die pas in 2030 het Fries op alle scholen in orde wil hebben. Dan moeten de ontheffingen voor het geven van Friese les verleden tijd zijn. Dat kan ook in 2025 vindt Sis Tsiis. Als het langer duurt, gaat er weer een generatie verloren die de eigen memmetaal niet goed beheerst als ze van school komen. FNP'er Sijbe Knol kan erover meepraten, vertelde hij op het podium. ,,Ik doch alles yn it Frysk, mar ik wie analfabeet yn myn eigen taal doe't ik fan skoalle kaam.'' De FNP vind 2030 als streefdatum ook veel te laat, liet hij weten.
Rendert Algra liet namens het CDA weten dat er in 2023 voldoende leraren moeten zijn met de bevoegdheid om Fries te kunnen geven. GrienLinks sloot zich aan bij de wens tot voldoende bevoegde leerkrachten. De PvdA had wat recht te zetten omdat ze in hun partijprogramma reppen over 'taalpolizei' versus 'taalwille'.
Als er iets is wat Sis Tsiis niet wil is het dat het taalonderwijs als 'fun', als 'wille' gezien wordt. ,,It giet ús der mei dy wille om dat der mear Frysk toaniel en oare uterings foar de bern komme. Dat se it fjild yngeane'', aldus Douwe Hoogland. ,,Mar it fak kin net sûnder in ynspeksje.''Piter Dykstra
'Lêzen en skriuwen leare yn de memmetaal is in bernerjocht', dat is ús biedwurd. En dat jildt foar alle bern. Ûnder Frysk beflappe wy dêrom ek ús lytse talen: it Biltsk, Stellingwarfsk, Hylpersk, Ailaundersk en neam mar op.
As in bern foar it earst nei skoalle giet en lêzen en skriuwen leart, komt it op in folslein nije wize yn 'e kunde mei de eigen wrâld. It bern begjint folle bewuster nei te tinken oer wat it lêst en skriuwt as foar dy tiid. Dat is in wichtige stap foarút yn de ûntjouwing fan in minske.Mar as dy stap yn in oare taal as de eigen taal makke wurde moat, dan leart it bern tagelyk dat de memmetaal net goed genôch is foar dy nije libbensfaze. En boppedat dat de eigen komôf en identiteit minderweardich binne oan dy fan de bern dy't wol yn de eigen taal lêzen en skriuwen leare. Hja leare dat har plak en dat fan it Frysk hielendal efteroan yn de rige is. En sa is it kommen dat it Frysk net mear de earste taal fan ús provinsje is, mar dat as noarm wat geveltsje-Frysk yn de publike romte tolerearre wurdt, lykas by KH2018 en by it museum efter my.
De skoalle is sûnt 1815 in ynstitút, dat yn opdracht fan de Haachske oerheid fan alle bern steatsboargers makket mei ABN as noarm en dat hat de status fan de eigen memmetaal deldrukt. De skoalle is doe in kamredsje yn de taaldiskriminaasjemasine fan ús maatskippij wurden.
Dat is net mear fan dizze tiid. Minsken binne der hjoed-de-dei net mear foar de steat, mar oarsom: de steat is der om de minsken te tsjinjen. It is ûnrjochtfeardich om taalminderheden efter te stellen en it docht de ûntjouwing fan de bern gjin rjocht. Âlden sjogge de neidielen fan de lege memmetaalstatus foar de bern en guon bringe de bern dêrom mar yn it Hollânsk grut, mar wa't syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt.
En sa giet de diskriminaasje ek net oer. It wurdt earder slimmer, want troch fan taal te feroarjen jouwe jo sels ta, dat jo fan mindere komôf binne. Twadderangs bliuwe jo dêrom dochs.
Mar by 20 % fan de folslein Frysktalige húshâldings komme bern hjoed-de-dei út skoalle thús en begjinne Hollânsk te praten tsjin heit en mem. Heiten en memmen, dy't bang binne foar in taalstriid yn de húshâlding, geane dan gauris ek mar oer op it Hollânsk. Sjoch dêr hoe fyn ynlein en slûchslim oft de diskriminaasjemasine wurket.Sûnt 1980 is Frysk op skoalle ferplichte, mar troch it – foar ús Friezen fernederjende – gegriem en gepiel yn de wetjouwing en mei de útfiering, is it noch altiten mooglik dat in goed resultaat opkeard wurdt. Ik neam:
Dat binne allegearre dingen dy't by gjin inkeld oar skoalfak mooglik binne.
Mei as gefolch: 85% fan de bern komt nei hast 40 jier noch as analfabeet yn de memmetaal fan skoalle ôf. Mei eare neam ik lykwols ús dosinten Frysk: dy binne ús echte helden, om't it har tsjin alle ferdrukking yn dochs noch slagget om it libben fan ús bern riker te meitsjen.
Der moat folle mear barre as allinne it ynfieren fan in fatsoenlik fak Frysk. It Frysk as fier- en ynstruksjetaal moat ek syn gerak krije by oare fakken en learmiddels. En foaral mei de leechlizzende en gekoanstekkerige hannelwize fan de oerheid moat it út wêze, want oars wurdt ús samar wer ôfnommen, wat wat wy mei in soad striid wûn hawwe.
Lykas de gemalen fan Wetterskip Fryslân hjoed-de-dei, fanwegen de drûchte, it wetter de polders yn mealle ynstee fan derút, sa moatte de skoallen – as gemalen yn in taalwetterskip – ek de oare kant op mealle en de lege status fan it Frysk ferheegje om foar lykweardigens fan de beide talen te soargjen. Sa'n 'attitudeferoaring' krije se yn De Haach net klear. Dêrom moatte wy yn Fryslân sels wer de leie yn hannen krije: by de ûnderwiisynspeksje, mar likegoed by de ûnderwiiswetjouwing. De Provinsje moat alle foech krije om ek foar it resultaat ferantwurdlik steld wurde te kinnen. Autonomy op it mêd fan it hiele ûnderwiis dus!
Dan kinne de Frysktalige bern wat de behearsking fan har memmetaal oanbelanget lykweardich oan de Hollânske bern en lyksa lykweardich as minske fan skoalle ôf komme.
Frysk-peil moat like heech wurde as ABN-peil. Dêrom no foar ús bern: Frysk blinder! En dêr geane wy de dyk foar op ...
Taspraak fan Geart Tigchelaar by de manifestaasje fan Sis Tsiis op 9 maart 2019 op it Saailân
Piter Dykstra hat oan it begjin fan de optrocht al neamd wat der sa mankearret oan it Frysk ûnderwiis en hoe't dat gâns better kin en moat. Dêr't ik no op yngean wol is it dat de Fryske taal oan safolle te'n grûnslach leit. Mei oare wurden, as it ûnderwiis yn it Frysk noch minder wurdt, wurket dat troch op in soad oare aspekten.
Sûnder Frysk ûnderwiis hawwe wy op 'en doer gjin meartaligens mear. Wy hawwe krekt LF2018 hân en dêrby is mei benammen Lân fan Taal fol ynsetten op dyselde meartaligens. Fryslân ûnderskiedt him dêrmei, mar bywannear't der gjin adekwate Fryske lessen jûn wurde, nimt dy (mear)taligens fan bern ôf. Wy witte ommers allegearre wat in rykdom ferskate talen ús jouwe en dan haw ik it noch net iens oer it feit hoe goed oft it is foar it kognitive fermogen fan bern.
Sûnder Frysk ûnderwiis is der sprake fan taaldiskriminaasje. Dykstra neamde dat sakrekt ek al. Elk bern hat rjocht om syn memmetaal te learen. Alle talen binne lykweardich, mar bywannear't it Frysk ûnderwiis sa'n ein benefter bliuwt, wurde de talen net lykweardich behannele. Dat moat lykwols fierder trochfierd wurde as allinnich mar yn it ûnderwiis. Ek yn 'e iepenbiere romte, dus yn it deistige ferkear, soe it Frysk folle sichtberder wurde moatte. Dêrmei wurdt de taal gewoaner en wurdt de needsaak om de taal te learen fersterke. Sa wurdt it út 'e fun-hoeke helle, want as it Frysk allinnich ferdivedaasje is en gjin serieuze saak, kinne wy fuort wol oergean op it Nederlânsk.
Sûnder Frysk ûnderwiis binne wy allegearre analfabeten yn ús eigen memmetaal. Hoefolle minsken binne hjir hjoed dy't it Frysk goedernôch yn 'e macht hawwe dat hja harren fertroud fiele flaterleas Frysk te skriuwen? Tink der ris goed oer nei, it is dochs beskamsum dat it Frysk ûnderwiis sa min is, dat minsken harren eigen taal net skriuwe kinne. No jou ik by de Afûk kursussen oan folwoeksenen, oan lju dy't tinke fan ferhip, ik wol myn eigen taal sadanich yn 'e macht hawwe dat ik it skriuwe kin. Ik sis dan wolris foar de grap dat hja it lesjild weromfoarderje moatte fan 't Ryk of Provinsje om't hja it ûnderwiis net op oarder hawwe. Ik sis it as grap, mar de earnst fan dat sizzen mei jim dúdlik wêze.
Sûnder Frysk ûnderwiis gjin neilibbing fan de ferskate Hânfêsten dy't tekene binne. It Ryk en de Provinsje hawwe ûnderskate hânfêsten foar it behâld fan it Frysk as minderheidstaal tekene en dêr hearre in tal ferplichtings by. Bywannear't it ûnderwiis net yn oarder is, kin der net oan 'e betingsten fan dy hânfêsten foldien wurde. Somtiden kin it sa ienfâldich wêze as dat men earne ja op seit, men dêrnei ek ta dieden oergean moat.
Sûnder Frysk ûnderwiis hawwe wy op 't lêst gjin Fryske literatuer mear. Dat giet my persoanlik o sa nei oan it hert, om't ik njonken oersetter ek skriuwer en dichter yn it Frysk bin. As der ien tak fan sport is dy't belang hat by goed Frysk ûnderwiis, dan binne it wol de minsken dy't harren yn 'e boekewrâld ophâlde. En ophâlde yn 'e oare betsjutting fan it wurd kinne wy úteinlik as it ûnderwiis net in better fûnemint kriget. Want wêr bliuwe aanst de lêzers as de taal net (oan)leard wurdt? Moatte de skriuwers oergean op it Nederlânsk of dan fuort mar op it Ingelsk om lêzers te hâlden?
Sûnder Frysk ûnderwiis glidet ús taal hieltiten fierder ôf en dan ferwurdt it wol ta in dialekt fan it Nederlânsk. Sûnder it Frysk binne wy gjin Friezen mear en sûnder goed ûnderwiis hawwe wy lang om let gjin Frysk mear.