BoargerAksjegroep Sis Tsiis

Sis Tsiis

Foar better Frysk op Skoalle

'Sis Tsiis' giet ek nei de skoallen ta

Struibrief2
Struibrief2
Struibrief2
Struibrief2

Respekt

Respekt foar in minske is respekt foar syn taal.

In bern is in suver minske, sa't it nea wer wêze kin en sil.

En hat sûnder middels, ynfloed en gesach

rjocht op 't brûken en begripen fan de taal fan 't Fryske lân

yn praten, en foar letter lêzen en ek skriuwen.

Mar 't moat leard wurde. Foar woartels foar syn eigen wêzen,

oars waait it by ien wyntsje om.

Willem Riemersma (skoalmaster)

Wat der bart

Wylst in soad juffers en masters de bern wol de leafde foar de memmetaal meijouwe, kin mear as trijekwart fan de Fryske bern net Frysk skriuwe as se fan skoalle komme en sa is 85 persint fan de bern analfabeet yn harren eigen taal. Dat is dochs slim tryst.

It Frysk is sûnt 1980 in ferplichte fak yn it basisûnderwiis. De kearndoelen foar dat fak binne yn 2006 yn nivo ferlege, omdat tocht waard dat soks de skoallen better motivearje soe om goed ûnderwiis yn it Frysk te jaan. It tsjinoerstelde barde. Der is dus gjin sprake fan (oan it Hollânsk) lykweardich ûnderwiis yn it Frysk.

Ús Fryske skoallen moatte mei itselde budzjet ta as oare skoallen en boppedat ek alle oare ferplichte fakken jaan. It ferwyt fan guon tsjinstanners fan it Frysk dat ús taal te folle jild kostje soe, docht nochal diskriminearjend oan, omdat yn de ûnderwiisbegrutting fan 40 miljard it ûnderwiis yn it Algemeen Beschaafd Nederlands (ABN) as ien fan de haaddoelen sjoen wurdt. Dy taal hat him sûnt 1900 (learplicht!) fan boppen ôf hiel effektyf ferspriede kinnen. Soks meie de lju dy't sizze dat men it útstjerren fan in taal net opkeare kin, ek wolris betinke!

Tink ek oan de alles beskiedende noarm fan de Hollânsktalige CITO-toets, dy't hast alle skoallen yn Nederlân ferliket op behearsking fan it Hollânsk. En dêr wurde de skoallen op ôfrekkene troch de ûnderwiisynspeksje, dy't net echt nei it Frysk omsjocht. Dan kin men wol begripe dat wat der hjoed-de-dei noch altiten oan Frysk dien wurdt, folslein fan ûnderop komt.

It taalûnderwiis op skoalle is 200 jier lyn ek net ûntstien om mûnige boargers te foarmjen. De skoallen wurde betelle omt de nij steat nei ienheid stribbe om in grutte naasje te wurden. Derfoar moast de keunstmjittige taal, it Algemeen Beschaafd Nederlands (ABN) de taal fan elkenien wurde en it Frysk en de Saksyske en Frankyske dialekten waarden as onbeschaafd bestimpele en moaste ferdwine. Mar no wolle wy dat de minsken der net mear foar de steat binne, mar oarsom, dat de steat der foar de minsken is. Dan kin elts bern syn memmetaal werom krije. En dêrom: kulturele autonomy foar de regio!

Der moat no einlings ris 'rjocht' dien wurde!

Ús politisy meie har net ferskûlje efter (guon) skoalmanagers dy't op ferkearde ideologyske grûnen it Frysk leafst safolle mooglik bûten de skoalle keare wolle.

Reaklif 2017


Wikipedy

Wat is it profyl fan jo skoalle?

Alle skoallen binne yndield yn profilen, dy't rinne fan 'A' nei 'G'.

Jo fine op Wikipedy twa listen fan skoallen mei harren profyl: in list foar de basisskoallen:
https://fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_Profilen_Fryske_Taal_(Basisskoallen)
en in list foar it fuortset ûnderwiis:
https://fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_Profilen_Fryske_Taal_(Fuortset_Underwiis).
Mar yn de praktyk komt it profyl dat foar in skoalle yn de list stiet net altiten oerien mei wat der yn it echt oan it Frysk dien wurdt.

Freegje nei it profyl fan jo skoalle!
En jou it oan ús troch.


Frysk op skoalle



Wat fine jo?

Wolle jo reagearje op dizze side? Brievebus

Stride jo ek mei?

Wat it doel fan taal op skoalle wie

It tige iensidich Hollânsktalige ûnderwiis (mei útsluting fan it Frysk) is 200 jier lyn net oplein om mûnige boargers te foarmjen. De skoallen waarden brûkt om in sintralistyske 'ienheidssteat' te skeppen en dêrta moast it nochal keunstmjittige Algemeen Beschaafd Nederlands (ABN) it monopoalje krije. Alle oare ynlânske tongslaggen (lykas it Frysk en it Saksysk) waarden as 'onbeschaafd' beskôge en oan 'e kant reage. Dy talen waarden allinnich gaadlik achte as thústaal en ferballe út it iepenbiere libben.

De minsken wiene der foar de steat en dy liet syn macht jilde. Wy tinke dat de steat der foar de minsken is en dat der rjocht dien wurde moat oan it taalferskaat. Dan kin ek de memmetaal fan de bern syn gerak krije. Dat freget om kulturele autonomy foar ús provinsje en om in nij Europa dat regio's mei in eigen taal en kultuer op dat mêd folsleine beliedsromte jout, dus om in eigen ûnderwiisministearje mei foech oer alle skoaltypen en leargebieten.

Yn in demokrasy moat de taal fan de boarger de noarm wêze.

De taal fan it hert

De memmetaal is de taal fan it hert. As it mei gefoel te krijen hat, kinne wy ús it bêste yn dy taal uterje. Dêrom heart in bern dy taal op de basisskoalle mûnling en skriftlik goed te learen en ek te brûken.
Sa leart it bern syn of har tinzen goed ûnder wurden te bringen, goed nei in oar te harkjen en in ferhaal fan in oar te lêzen. Dat is de manier om jinsels en in oar te begripen en sa respekt foar jinsels en in oar te krijen.
De memmetaal is tagelyk it bêste útgongspunt om de taal fan in oar te learen. Pas as men de eigen taal goed behearsket, kin men de ferskillen mei oare talen leare. En sa wurde bern boargers dy't goed kontakt mei oaren meitsje kinne en harsels yn 'e grutte wrâld rêde kinne.


Reaksjes


Piter Dykstra
Willem Riemersma
21 oktober 2018

Oer de ynspeksje hoege de skoallen net yn te sitten

Op 21 septimber 2018 befettet de LC in artikel mei de kop: ‘Inspectie pakt het Fries weer op’ (s. 23). Monique Vogelzang, ynspekteur-generaal fan de ûnderwiisynspeksje, bewearde in dei earder op in ûnderwiiskonferinsje fan de provinsje dat de ynspeksje wer omtinken oan it Frysk jaan soe.

 

Dat soe dan in grutte stap foarút wêze, want de ynspeksje hat it ûnderwiis yn Frysk al jierrenlang net kontrolearre. Dat is dan ek ien fan de grutte oarsaken dat it ûnderwiis yn it Frysk op de measte skoallen sa slim ferwaarleazge is. It resultaat is dan ek dramatysk: 85 persint fan de learlingen dy't fan skoalle komme, binne noch altiten analfabeet yn harren memmetaal.

 

Dochs binne de wurden fan de ynspekteur-generaal in spultsje fan kâlde fuotten. Hja sil wol in nij ûndersyk dwaan litte, mar it ynspeksjebelied sil neffens har gjin 'handhavingskarakter' krije. It wurdt noch slimmer as se mei in Hollânske arrogânsje fan Tilroeäanske omfang oankundiget dat der fan har gjin wurd Frysk te ferwachtsjen is. En as der yn Fryslân in rapport yn it Frysk ferskynt, sil se dêr earst in oersetting fan ôfwachtsje ear't se dat in each weardich achtet (in ‘lytse bykomstichheid’: it op dy dei presintearre rapport fan de provinsje 'It is mei sizzen net te dwaan' is sels ek yn it Hollânsk skreaun en letter yn it Frysk oerset!).

 

Moai wis dat dizze ynspekteur-generaal ek noch alle begryp hat foar skoallen dy't in lange noas nei de provinsje útstekke om provinsjaal subsydzje foar it Frysk op te striken, mar der neat oan dogge en de bern efter de telefyzje sette om harren nei Tsjek sjen te litten. Mei as ymplisyt boadskip foar de bern dat it Frysk winliken net in sprút wurdich is. Sa wurdt de diskriminaasje fan de memmetaal fan de bern (en fan de bern sels) wer ris op ferhoalen wize yn praktyk brocht.

 

Wy moatte dus sa gau mooglik fan dy ‘Hollânske’ ynspeksje ôf. Dy hat it fertrouwen al lang ferlern en leit allinnich swiere sankjes op as in skoalle te min prestaasjes leveret op it mêd fan ‘taal’ (= Hollânsk’) en fan ‘rekenen’. Wy kinne better stribje nei in eigen Fryske ynspeksje foar it ûnderwiis (yn alle leargebieten!), dy’t keppele wurdt oan in eigen Frysk ûnderwiisministearje. Lykas yn de Dútske dielsteaten of yn de Switserske kantons, want baas op eigen hiem is noch altiten it bêste ...

Wolle jo ús helpe om ús struibrieven te te fersprieden?
Jo sille fernimme dat in hiel soart minsken hert hawwe foar harren memmetaal. Mar ja, hoe faak komt it no yn de praktyk foar, dat men dêr wat fan fernimt?
Dizze siden binne frij fan 'cookies' en personalisearre reklame.
Yn ús eagen binne jo net it produkt, mar in persoan dy't wy ynformearje wolle om ta in wiis oardiel te kommen.
Fine jo wat wy dogge in goede saak, en wolle jo ús stypje, dan meitsje jo ús tige bliid.
Jo kinne altiten meidwaan oan aksjes fan 'Sis Tsiis'.
Jo binne hjirby ek útnûge om jo by ús aksjegroep oan te sluten.
Jo kinne ús ek finansjeel stypje troch in bedrach oer te meitsjen op:
bankrekken NL 12 ABNA 0822 4870 12
o.n.f. Stifting Fryske Taal