Sis Tsiis giet nei de Polityk

Sis Tsiis

Mear provinsjaal foech oer it Ûnderwiis

Trije Stimwizers foar 20 maart

stimwizer Sis Tsiis

Figuer 1. De stimwizer út ús ferkiezingsstruibrief

De provinsjale polityk oer it ûnderwiis yn it Frysk yn stimwizers

Piter Dykstra

Der binne op dit stuit trije stimwizers foar de Provinsjale Steateferkiezings fan 20 maart. Dat binne de 'Meistim-meter' fan Notubiz (Patrick Arink, Arnhemse Courant), 'Mijn stem' (MijnStem.nl) fan Citisens en de stimwizer fan 'Sis Tsiis'. De earste beide binne basearre op 22 stellings oer politike fraachstikken. En troch it beänderjen fan dyselde fragen yn de foarm fan in online-enkête wurdt foar de brûker útmakke hokfoar partij(en) oft it bêste by him/har past/passe . De stellings fan dy Meistim-meter binne keazen út de moasjes en besluten dêr't yn de ôfrûne fjouwer jier oer stimd is (LC, 'Alleen Friesland durft de meestemmeter aan', 25-2-2019, s. 3; dat 'Friesland' sil dan wol West-Friesland (N.H.) of Ostfriesland (Dsl.) wêze; ús provinsje hyt offisjeel ommers al mear as tweintich jier 'Fryslân'). De stellings fan 'Mijn stem' en 'Sis Tsiis' binne út de ferkiezingsprogramma's distillearre.

Meestem-meter

Figuer 2. Hoe't de partijen tinke oer 'Op de websiden earst Fryske ferzje toane' yn de Meistim-meter

De earste beide stimwizers steane op de webside fan de provinsje, de tredde fan 'Sis Tsiis' is te finen yn de ferkiezingsstruibrief fan 'Sis Tsiis' dy't op de eigen webside stiet: www.sistsiis.frl. Oan de hân 8 stellings oer it ûnderwiis yn it Frysk kin de lêzer sjen fan hokfoar partijen oft it ûnderwiis yn it Frysk it measte te ferwachtsjen hat. Hoe't de partijen skoare op de 8 stellings is de ynterpretaasje fan in beoardielingstiim. De proseduere is ferlykber mei dy fan Mijn stem. By Mijn stem meie partijminsken sels in skoare tusken 0 (folslein mei ûniens) en 100 (folslein mei iens) op dy stellings jaan, dy't dan as partijstânpunt telt. Sa koene partijen efterôf dochs mei in stânpunt yn de stimwizer fan Mijn stem komme, wylst se neat oer dat stânpunt yn harren ferkiezingsprogram skreaun hawwe. En boppedat koene de partijen dy't no noch net yn de Steaten sitte, ek oan de 'Mijn stem'-stimwizer meidwaan (SGP, DENK, Provinciaal Belang Fryslân en Natuurlijk Fryslân). 'Sis Tsiis' hat sels in beoardieling jûn en dat bringt út soarte wat ynterpretaasje yn it spul. As in partij bygelyks yn syn programma skriuwt dat dy ûnderwiis yn it Frysk wichtich achtet, mar in eintsje fierder skriuwt dat it neat kostje mei, dan hellet yn de stimwizer fan 'Sis Tsiis' de lêste stelling de earste ûnderút en kriget dêrom in lege skoare. Fierder kin men diskussearje oer de wearde fan in stelling foar goed Frysk taalûnderwiis. Dat jildt benammen foar de beide lêste stellings: - Is in trijetalige skoalle wol sa goed foar it Frysk, of mei it Frysk der as suertsje (by de boadskippen) op in tredderangsplak by? - 'It Frysk moat Fun wêze' kin in argumint wêze om learkrêften better te beteljen (Chris van Hes: 'Noarm nedich foar "opbringsten" Frysk'; LC, 23-2-2019) en dan is it posityf. Mar as it ynhâldt dat as learkrêften, bern of âlden it fak net 'leuk' mear fine, it dan ek net mear jûn wurde hoecht, dan is it negatyf. Dat foarstanners fan neat dwaan dizze stelling wol lije meie, jout in yndikaasje fan harren ynterpretaasje.

It minst ynteressant is de 'Meistim-meter' (yn de Frysktalige ferzje hat er dizze Frollânske namme; yn de Hollânsktalige wjergader hyt er 'Meestem-meter'). Der binne mar twa besluten dy't min ofte mear oer it Frysk geane, yn de list opnommen: (stelling 4) fan it oannimmen fan it beliedsbrief oer kultuer, taal, ûnderwiis en sport 'Mei hert, holle en hannen' wie allinne de PVV in tsjinstanner en (stelling 14) 'Op de websiden fan de provinsje moat de Fryske ferzje earst toand wurde', waard oannommen mei foarstimmen fan CU, D66, FNP, FFP, GL, PvdA en SP. As dit de meast relevante besluten oer it Frysk binne, dan hawwe de Steaten de ôfrûne 4 jier ek net folle foar it Frysk betsjutten.

No hie Mijn stem mar ien stelling oer it Frysk: 'Der moat stranger kontrolearre wurde op de kwaliteit fan it Fryske Taalûnderwiis'. Mar yn dy stelling sit him no wol krekt de oast. De partijen koene dêr ek in mear nuansearre antwurd op jaan as 'ja' of 'nee' troch mei in persintaazje oan te jaan yn hoefier't se it mei de stelling iens wiene. Stel dat men op de Mijn stem-stimwizer allinne dy stelling ynfollet. Men klikt by alle stellings 'oerslaan' oan, behalven by de stelling 'Stranger kontrolearje op kwaliteit fan Frysk taalûnderwiis'. Dêr jouwe jo 100 persint mei iens op. Dan smyt dat in útslach op lykas yn figuer 3 te sjen is. As men goed nei de list sjocht, dan wurdt dúdlik hoe min oft it der eins mei it Frysk yn ús hjoeddeiske Steaten foar stiet. Oant en mei nûmer 7 is de skoare mear as 50 persint (mear kontrôle), mar de nûmers 2, 6 en 7 (SGP, Prov. Belang Fryslân en DENK) sitte net yn de Steaten. De oaren, FNP, PVV, CU en GL, hawwe op it stuit mei-inoar mar 11 fan de 43 Steatesitten. De nûmers 8 oant en mei 11 sitte op 50% (de kontrôle fan no is goed genôch -- no 4 sitten = 9% fan alle sitten). En dan komme der noch 4 partijen dy't mei in skoare fan minder as 50% dus minder strang kontrolearje wolle (SP, CDA, PvdA en VVD), mar dy hawwe mei har fjouweren wol 26 sitten (= 60% fan alle sitten)! No soene se tinke kinne: 'Faaks wurdt der no al strang genôch kontrolearre en liedt mear kontrôle ta neat'. Mar de werklikheid is oars: de ûnderwiisynspeksje hat de ôfrûne 10 jier hielendal net kontrolearre! Wat dy lêste groep wol, komt yn de praktyk del op itselde as wat de middengroep wol, want minder as 'net kontrolearje' kin ommers hielendal net. It taalûnderwiis yn it Frysk hat fan dy lêste 4 (of 8) partijen dus ek neat te ferwachtsjen. Men soe (ek) tinke kinne: wat leger de skoare, wat minder de partijminsken yn de rekken hawwe hoe'n bytsje as de ynspeksje foar it Frysk docht!

Yn de stimwizer fan 'Sis Tsiis' (sjoch: figuer 1) steane de partijen yn in oare folchoarder. De 'Sis Tsiis'-stimwizer sjocht fansels ek noch nei 7 oare stellings. 'Stranger kontrolearje op kwaliteit' is stelling 2 yn dy stimwizer. As men dêr allinne nei sjocht, is de folchoarder gelyk oan dy fan de 'Mijn stem', op de plakken fan de SP en D66 nei. Mar dy bliuwe op 50% en minder sitten, it part dêr't it gjin ferskil mear útmakket. Wurde alle stellings yn oanmerking nommen, dan hellet it CDA de CU en de PVV wer yn. Iroanysk is lykwols wol dat 'Sis Tsiis' allinne nei de programma's sjoen hat en de stellings net oan de partijen foarlein hat, want no ûntbrekt de ynformaasje dat it CDA 'fun' ek hiel wichtich achtet en dat stiet net yn harren programma. Op grûn derfan soe it CDA yn de 'Sis Tsiis'-stimwizer dochs noch wer by de PvdA telâne kommen wêze!

Mijn Stem-stimwizer

Mijnstem utslach

Figuer 3. De útslach fan de Mijn stem-stimwizer oer de stelling 'Stranger kontrolearje op kwaliteit'

Taljochting

Meestem-meter

Figuer 4. De taljochting fan de Mijn stem-stimwizer oer de stelling 'Stranger kontrolearje op kwaliteit'

'Sis Tsiis' wol it Frysk heger op de politike wurklist hawwe

Struibrief2

Der wurdt Frysktalige bern ûnrjocht oandien. It is ús lulkens oer dy misdied dy’t ús benammen yn beweging bringt. Jonge bern sels kinne harsels net ferdigenje. Dêrom dogge wy as folwoeksenen dat. Wy freegje jimme: doch mei en lit fan jim hearre of sjen! Der moat noch hiel wat feroare en bebettere wurde!

Goed Frysktalich ûnderwiis by alle fakken

Wêrom meitsje wy ús as BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST) drok om goed Frysktalich ûnderwiis? Wêrom wolle wy dat? Wêr giet it by Frysktalich ûnderwiis om? Om it bern dat de earste jierren fan syn of har libben yn in Frysktalige sfear hoede, noede en fersoarge is. Troch in mem en in heit dy´t Frysk prate. De earste wurden dy´t it bern leard hat, wienen Fryske wurden. Leafde en waarmte binne foar sa’n bern yn dy earste foarmjende jierren identyk mei de Fryske taal.

Doch mei ús mei!

posterwout

De aksjes fan 'Sis Tsiis' op 'e dyk binne der net allinne om by it publyk bewuster te meitsjen fan de wearde fan de memmetaal, mar wy wolle dat dat ek omsetten wurdt yn politike risseltaten,
No kin men ôwachtsje dat de polityk reagearret op de feroare opfettings fan de befolking. Dat duorret net allinne fierstente lang, it is de taak fan de oerheid om harren wurk te dwaan en de wetten en ferdraggen dy't der al jierren binne ú te fieren. De oerheid - benammen de provinsjale - moat him better bewust wurde fan de taak dy't er hat: it hoedzjen en noedzjen fan it Frysk.
Dêrom wolle wy dat it taalbelied op de wurklist fan de provinsjale ferkiezings fan maart 2019 komt.
En dêrom sille wy in grutte demonstraasje hâlde yn de oanrin nei de ferkiezings, dy't einiget by it provinsjehûs.
Dan sille wy oan de hiele provinsjale polity ús lûd hearre litte.

Mar derby wolle wy mei struibrieve-aksjes de kiezers ynformearje oer hoe't hja it bêst stimme kinne, as it taalbelied in wichtich kriterium is.

Der moat no einlings ris 'rjocht' dien wurde! Dy stiid is noch lang net foarby en wy dogge sadwaande benammen in driuwend berop op ús beliedsmakkers en steateleden om folslein har eigen ferantwurdlikens te nimmen. Ús politisy binne der om it algemien belang te tsjinjen en se meie har net ferskûlje efter (guon) skoalmanagers dy't op ferkearde ideologyske grûnen it Frysk leafst safolle mooglik b ûten de skoalle keare wolle.

0m dy reden sette wy ús as BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST)




Wolle jo reagearje op dizze side? Brievebus

Stride jo ek mei?

In grutte demonstraasje op 9 maart

15.00 oere op it Saailân Ljouwert

Foar de ferkiezings sille wy ús stim hearre litte oan it provinsjaal bestjûr.

Doch mei ús mei!

Goed Frysktalich ûnderwiis by alle fakken

Dan moat it bern inkelde jierren letter nei skoalle. By de kultuerskok dy´t dat op himsels al is op sa’n jonge leeftyd, moat it Frysktalige jonge bern ek al rillegau fêststelle, dat de taal dêr´t hy of hja mei leafde en waarmte yn grutbrocht is, der ynienen folle minder ta docht. En yn nochal wat gefallen, ek yn Fryslân sels, troch de swiere klam dy’t op it Hollânsk leit, hielendal net mear de muoite wurdich achte wurdt.

Der binne lju dy’t dat net slim fine. Hja redenearje dat it ‘Nederlânsk’ de taal is, dêr’t jo fierder mei komme. Wêrom’t sokken dan net foar it fuortdaliks learen fan in grutte taal (bygelyks it Ingelsk) binne? Lit ús it der mar op hâlde, dat it eachweid fan sokken net fierder rikt as Nijskâns, Maastricht en Terneuzen. Dan jildt ynienen it argumint fan de grutte taal net mear. Soks wiist derop dat der better sprutsen wurde kin fan it opsetten fan in blynkape út in foaropsette ideology wei.

De ferfrjemding fan de taal fan leafde en waarmte dy’t it jonge bern ûndergiet, liket guon nochal triviaal ta. Mar troch it bern der op sa’n jonge leeftyd oan te wennen dat njonken de taal ek de wrâld fan syn of har âlden der minder of net ta docht, begjint in spiraal de bedelte yn. Dat is omdat it in tige ûngeunstige útwurking hat op it selsbyld fan jonge minsken. En soks kin libbenslang negative effekten hawwe op kânsen en mooglikheden. Dat is mei opsetsin jonge minsken skea dwaan. En dat is in misdied.

Soks spilet net allinnich hjoed-de-dei, mar it spilet al minstens salang’t de learplicht bestiet. Dat is sûnt 1901 it gefal. Yn de ôfrûne 117 jier binne al fiif of seis generaasjes dêr yngeand troch yndoktrinearre. Nei’t de oerheden generaasjes lang dat probleem negearre hawwe, binne se einlings, om 1980 hinne, ta de erkenning kommen dat soks net doogde. Mar it wie doe al oan de lette kant. Der wienen al te folle generaasjes opgroeid dy’t fan jongs ôf oan oanleard wie dat har taal der net ta die, en dat ek wer trochjûn hienen oan har eigen bern, de folgjende generaasje. Mei alle gefolgen foar kânsen en mooglikheden, ek wer foar dy bern. Oarstalige bern hearre hjir yn Fryslân der ek wat fan mei te krijen, sadat se leare dat it Frysk der ek ta docht. En dat liket der yn it ûnderwiis noch net op. Yn de fierste fierte net.

Reaksjes


Rinie van der Zanden
Rinie van der Zanden
8 maart 2019

Mar noch neat oer 'Frysk op skoalle'

Reaksje fan de 'Partij voor de Dieren'

Per abuis heeft de Partij voor de Dieren verzuimd om in ons verkiezingsprogramma het belang van het gebruik van de Friese taal te benoemen. Maar we hebben evenals in 2015 ons verkiezingsprogramma weer in het Fries laten vertalen, waarmee we het belang van de Friese taal als tweede taal daadwerkelijk onderstrepen. Zie: https://friesland.partijvoordedieren.nl/uploads/algemeen/PvdD-Verk.-progr.-PS-2019-Fries.pdf

Alvast hartelijk dank,
Met vriendelijke groet,
Rinie van der Zanden
Statenlid/ lijsttrekker partij voor de Dieren


Piter Dykstra
Willem Riemersma
30 jannewaris 2019

Hulde foar it Fryske Ûnderwiis

Dit artikel woe de Ljouwerter Krante net pleatse as antwurd op in Te Gast-artikel fan Gerrit Hoekstra fan 11-1-2019.

Ik rekkenje my foar de wissigens ek mar ta de kritikasters fan it behyplike ûnderwiisbelied foar it Frysk, dêr't Gerrit Hoekstra sa'n pine-yn-'t-liif fan kriget ('In sinnich foarnimmen', LC, 11-1-2019). As men mei tawijing yn it ûnderwiis wurket en hieltiten heart, dat nei 38 jier wettlik ferplicht ûnderwiis yn it fak Frysk sa'n trijekwart fan de skoallen dêr noch net oan foldocht, mei as gefolch dat 85 persint fan de Fryske bern as analfabeet yn harren memmetaal fan skoalle ôf komt en it Fryske ûnderwiis dus net ynoarder is, dan rekket jin dat tige.

Dêrom sprek ik leaver grutte wurdearring út foar dat kwart fan de skoallen dat it wól goed docht, lykas ik earder dien haw yn in Te Gast fan 23 febrewaris 2018 ('Hulde foar de skoallen dy't wol Frysk jouwe') oer it ûndersyk nei de steat fan it Fryske ûnderwiis. Yn myn stik haw ik dy skoallen en harren masters en juffen ús 'wiere helden' neamd, om't hja, tsjin alle finansjele belangen en diskriminearjende bejegening yn, it belang fan de bern foarop sette en harren wol de geastlike rykdom fan it behearskjen fan de memmetaal meijouwe. Dêr kinne ús bern mei goed fetsoen ommers net sûnder om harren wichtichste ûnderfings yn it libben mei ûnder wurden te bringen.

BoargerAksjegroep 'Sis Tsiis' wol sokke skoallen yn it sintsje sette en hat op 1 desimber 2018 trije skoallen yn de stêd Ljouwert dy't in B-profyl (it op ien nei heechste nivo fan de 7 nivo's) hawwe, mei in oarkonde en in pakket Fryske boeken huldige foar harren krewearjen.

De maklikste wei foar de skoallen om der mei de pet nei te goaien, leveret by de ynspeksje gjin swierrichheden op. Wêrom soene dy der dan ek jild of enerzjy yn stekke? Dat it lân der sa hinne leit, is in misachting fan ús bern en in mislediging fan alle Friezen.

Wêr komt dy knoop yn it liif by guon Fryske dosinten no eins wei: dat ûnderwiis yn it Frysk op trijekwart fan de skoallen swier ûnder de mjitte is, of allinnich de meidieling dát it sa is? As wy ús of de dosinten har dêr stil oer hâlde, dan wurdt it der fansels ek net better fan. De mûlen iepen dus!

Doch dêrom op 9 maart om middeis om 15.00 oere mei oan de demonstraasje fan 'Sis Tsiis' op it Saailân yn Ljouwert om dúdlik te meitsjen dat wy striemin te sprekken binne oer wat der oant no ta berikt is en dat it hiel gau better moat. Ús bern hawwe dêr al hiel lang gewoanwei 'rjocht' op en soks kin gjin fertraging mear lije oant 2030 ta.

Wolle jo ús helpe om ús struibrieven te te fersprieden?
Jo sille fernimme dat in hiel soart minsken hert hawwe foar harren memmetaal. Mar ja, hoe faak komt it no yn de praktyk foar, dat men dêr wat fan fernimt?
Dizze siden binne frij fan 'cookies' en personalisearre reklame.
Yn ús eagen binne jo net it produkt, mar in persoan dy't wy ynformearje wolle om ta in wiis oardiel te kommen.
Fine jo wat wy dogge in goede saak, en wolle jo ús stypje, dan meitsje jo ús tige bliid.
Jo kinne altiten meidwaan oan aksjes fan 'Sis Tsiis'.
Jo binne hjirby ek útnûge om jo by ús aksjegroep oan te sluten.
Jo kinne ús ek finansjeel stypje troch in bedrach oer te meitsjen op:
bankrekken NL 12 ABNA 0822 4870 12
o.n.f. Stifting Fryske Taal