Tongersdei 17 oktober 2019 is der in fisitaasje fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa nei oanlieding fan de lêste rapportaazje fan it ministearje fan Ynlânske Saken oan de Ried fan Europa oer de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (ratifisearre yn 1996) op it mêd fan it Frysk.
- As BoargerAksjegroep Sis Tsiis binne wy fan betinken dat dy rapportaazje al wer in fierstente moai byld jout fan wat der wier oan de hân is mei it Frysk. It rapport stelt dat der allegearre positive ûntwikkelings binne, mar wy sjogge rûnom ,grutte misstannen lykas dy by it Koopmans Kolleezje yn Hurdegaryp. Trijekwart fan de skoallen hâldt him net oan de wet!
- De provinsje giet temûk om mei dy fisitaasje en dat stiet ús ek tige min oan. Wy binne bygelyks net frege om yn te sprekken of fan ús hearre te litten. Gâns oare organisaasje (lykas de Feriening Frysk ûnderwiis) likemin. Allike stil wie de Fryske oerheid oer it op 1 april stilsetten fan it wurk oan in nij learplan foar it Frysk (kurrikulum.frl), wylst de Hollânske wjergader fan dat projekt fan ’e wike al mei in opset foar in nij kurrikulum kommen is foar de oare fakken of leargebieten.
- Wy fine ek noch grutte misstannen by de rjochtbank as it giet om it sûnder behinderings prate kinnen fan it Frysk. Dêr wurdt likemin hannele yn de geast fan it hânfêst.
Wy wolle it komitee oan de ein fan harren besite tasjonge mei in liet dat Grytsje Kingma foar dizze gelegenheid skreaun hat. De tekst sit by dizze e-post. Hjir is in lûdsbestân om alfêst te oefenjen:
Test-lûdsbestân Grytsje Kingma mei gitaar sjongt: Frysk ûnderwiis, Sis Tsiis!
- 15.00: Gearkomme foar it Provinsjehûs en ynsjonge.
- 15.30 : Manifestaasje mei spandoeken, struibrieven en sjongen.
- 16.00 : Moeting mei it Committee of Experts, tasjongen en oerlangjen fan mapkes mei bydragen oangeande ús noeden en oplossings.
Kom allegearre, lit fan jimme hearre en wy meitsje der mei-inoar in serieus, mar fleurich barren fan! Wat mear minsken oft meidogge wat better!!!
Wy stelle it ek tige op priis as jimme jim meidwaan oan ús manifestaasje efkes oan ús oer de e-post witte litte: sistsiis@hotmail.com
Foar fragen kinne jim maile nei:De Ried fan de Fryske Beweging, de FFU en Boargeraksjegroep Sis Tsiis wolle op woansdei 26 juny mei in grut tal Friezen nei De Haach om oan de Twadde Keamer en it regear dúdlik te meitsjen dat it Ryk better syn plichten neikomme moat oangeande it Frysk.
Dy dei komt yn in Algemien Oerlis fan de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (AO) de stân fan saken oangeande it Frysk oan 'e oarder sa't dat foar de kommende perioade 2019-2023 yn de nije BFTK fan Provinsje en Ryk beskreaun stiet. Oanlieding wie in petysje fan de Ried, oanbean oan de Keamerkommisje yn desimber 2018, mei soargen oer tekoartkommings yn dy bestjoersôfspraak. Dat hat laat ta fragen oan de minister. De skriftlike reaksje fan de minister op dy fragen wie de Keamerkommisje net nei 't sin en dêrom is de minister opnij útnûge om yn de kommisje ferantwurding ôf te lizzen. By útstek de gelegenheid dus om as Fryslân sjen te litten dat we fan ‘De Haach' ferwachtsje dat se it Frysk serieus nimme en de ferplichtings neikomme sa't dy yn allerhanne hânfêsten, ramtferdraggen en wetten fêstlein binne.
It kommisje-oerlis is op woansdei 26 juny yn it Twadde Keamergebou yn De Haach. It is in iepenbiere gearkomste dy't troch elkenien bywenne wurde kin. Doel is om moarns mei in busfol minsken út Fryslân rjochting De Haach te gean en dêr op it Binnenhof ús soargen en easken kenber te meitsjen oan publyk, parse en Twadde Keamerleden. Sis Tsiis nimt blauwe festjes en spandoeken mei. Fierders ha we in nij model Fryske plysjejaskes meitsje litten. Ek in pear foar de keamerleden en de minister. Muzykynstruminten binne wolkom foar op 'e dyk. Sis Tsiis sil in pamflet útdiele mei útlis oer ús aksje en maatregels dy't we freegje en dêr't Fryslân rjocht op hat.
Om ús better fan de omstanners ûnderskiede te kinnen, hawwe wy blauwe heskes oan.
Fierders hawwe wy kontakt hân mei Ruben Severina fan Splika, de klup dy't foar it Antilliaansk op skoalle opkomt. Dy wolle ús stypje. It doel fan beide groepen is om it rjocht fan bern, om harren memmetaal goed op skoalle te learen, te realisearjen.
It skema yn De Haach sjocht der no likernôch sa út:De bus rydt fergees.
Busferfierder Dalstra jout foarearst de folgjende tiden:De groep kin útstappe op de Prinsessegracht yn De Haach, dêr't bussen stilhâlde meie. Dêrwei is it in 650 meter nei it Binnenhof.
15.00 oere wer fia de opstapplakken werom nei Surhústerfean.Dejingen dy't har de foarige kear opjûn hawwe, hawwe al berjocht hân mei it fersyk har op 'e nij op te jaan of ôf te melden. Mar der binne grif guon dy't doe net koene of twivelen, mar no tinke: dêr wol ik by wêze, dêr doch ik oan mei!
Wa't mei wol graach sa gau mooglik opjaan, yn alle gefallen foar 19 juny by sistsiis@hotmail.com, mei namme, wenplak, telefoannûmer en opstapplak.
Op sneon 9 maart 2019 hat de BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ yn Ljouwert in demonstraasje hâlde foar better Frysk ûnderwiis hâlden. Goed ûnderwiis yn de memmetaal is in bernerjocht lykas fêstlein yn it Ramtferdrach foar de beskerming fan Nasjonale Minderheden en it Europeesk Ferdrach foar Regionale of Minderheidstalen. Der hat oant no ta noch net in rapport fan Committee of Experts of the European Charter for Regional or Minority Languages west dat it Nederlânske belied in ‘foldwaande’ joech.
Wy binne fan betinken dat alle minsken gelyk binne en dat Fryske bern lykweardich binne oan Hollânsktalige bern,dy’t folweardich ûnderwiis yn harren memmetaal krije.
Fan lykberjochtiging = fan Fryske bern is yn it ûnderwiis yn Fryslân noch lang gjin sprake, mei as gefolch dat 85% fan de Fryske bern as analfabeet yn de memmetaal fan skoalle komt, wylst it Frysk al 38 jier as ferplichte fak yn de wet opnommen is. It Taalplan fan de provinsje hâldt yn dat it noch 12 jier duorje mei foardat alle skoallen oan de kearndoelen foldogge, sadat der dus in heale iuw ferlern gien is foardat de wet útfierd wurdt.
Der is ek fotoboekje makke fan ús struibrieveaksje op 25 febrewaris by de ôftraap fan de kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings.
Om ús better fan de omstanners ûnderskiede te kinnen, hawwe wy blauwe heskes oan.
Op 1 desimber hawwe wy mei in ploechje 'Sis-Tsizers' tusken twaën en fjouweren sa'n tûzen struibrieven útsutele op de Nijstêd.
Sjoch hjir foar it filmke fan de Ljouwerter Krante
Om trije oere begûn it evenemint foar de skoallen. De bern dan de Wynwizer en de Franciscus-skoalle hawwe harren tige fermakke mei de krêftspultsjes fan Wout Zijlstra. Dêrnei wie de priisútrikking en krigen de skoallen in oarkonde en in pakket fan sa'n fyftjin boeken foar de bibleteek.
Wy hawwe mear foto's yn in lyts fotoalbum fan it evenemint.
Nei oanlieidng fan in berjocht op Omrop Nijs oer de ûndertekene BFTK - mei de útspaak fan de minister dat it Frysk net allinne in rjocht mar ek ‘gewoan’ wêze moat -, ha ‘k nyskes op in tal Facebook-siden ûndersteand skriuwen fan my setten.
Hertlike groet,
Willem.
“Moai, en út it hert, wol ik oannimme, fan de minister.
Moai ek dat der 'ekstra' jild nei de RUG giet, foar de Learstoel Frysk. En 150.000 per jier foar de Wet gebrûk Fryske Taal.
Mar foar de skoallen feroaret der neat, ek mei hantekenings fan Brok en Poepjes net salang - en it wurdt foar lêzers no miskien efkes trochbiten:
'Sis Tsiis' is in aksjegroep fan gewoane boargers dy't harren ynsette foar harren memmetaal. Hja wolle dat de bern dy taal goed leare kinne en ek leare dat hja wiis wêze meie om wêr't se wei komme. En dêrom bestride wy ek de diskriminaasje fan ús taal.
'Sis Tsiis' wie oprjochte om de demonstraasje fan 22 desimber 2016 te organisearjen. Dêr die bliken dat der ferlet wie fan mear aksjes. Yn twa opsichten: Friezen wolle mear dwaan foar harren taal en om risseltaat te berikken moatte wy ek oanhâlde as storein.
BAST is in ploech sûnder hiërargyske organisaasjestruktuer en hat ek net in rjochtspersoan yn de foarm fan in stifting of in feriening.Om aksjes útfiere te kinnen, wurdt BAST finansjeel stipe troch in oare stifting: it 'Ûnderwiisfûns foar de Fryske Taal'. Dy organisaasje is oprjochte yn 1909, doe't it foar it earst mooglik waard om Frysk op skoalle te jaan. Dat wie dan wol bûten skoaltiid en op frijwillige basis sawol foar learlingen as foar ûnderwizers. 14 legere skoallen binne sa begûn mei it jaan fan it fak Frysk. It doel fan it ûnderwiisfûns wie om jild yn te sammeljen foar de oanskaf fan lesmateriaal foar dy skoallen. De oprjochters fan itÛnderwiisfûns wiene: Waling Dykstra, Cornelis Wielsma, Petrus Adrianus Wilhelmy, Sjirk van der Burg, Pieter de Clerck, Jan Jentsje Hornstra en Onno Sytstra.
As jo ús no finansjeel stypje wolle, kin dat troch in jefte oer te meitsjen nei de bankrekken fan it 'Ûnderwiisfûns foar de Fryske Taal':Wolle jo reagearje op dizze side?
Stride jo ek mei?