BoargerAksjegroep Sis Tsiis
Sis Tsiis manifestaasje yn De Haach 26 juny 2019

Sis Tsiis

Útslach fan de enkête

Oeral de dyk op foar better Frysk op skoalle

De enkête is oant no ta kear ynfolle

De âlden, de bern en harren skoallen

Hjir folget in gearfetting fan de de resultaten oant no ta. Wat de relaasje mei de bern oangiet, hawwe de ynfollers út trije alternativen in kar makke. Fan de bern hawwe hja oanjûn út hokker groep se komme.


De profilen fan de skoallen

Wat binne de profilen fan de skoallen yn Fryslân? En hoe lizze de ferhâldings by de skoallen dy't yn dizze enkête foarkomme? As alle skoallen foarkomme binne dy sifers fansels gelyk oan inoar, mar as ús stekproef net a-selekt is is it goed om dat ek te witten.

De profilen dy't by ús net bekend binne, mar wol troch de dielnimmers ynfolle binne, binne noch net opnommen.

Fierder binne wy benijd oft de skoallen harren oan it profyl hâlde. Winliken soene hja no al heger útkomme moatte, omt hja yn 2022, by de folgjende Taalplan Frysk evaluaasje, oan in heger profyl foldwaan moatte. De ynspeksje soe dêr ek nei sjen, mar hoe effektyf dat is, is fansels ek de fraach. Hie de ynspeksje der fan it begjin ôf efteroan sitten dan wie it Frysk 40 jier lyn al ynfierd en wiene der nea "profilen" betocht.


Hoefolle oeren Frysk wurde der yn 'e wike jûn?

Behalven de ynhâld is it ek wichtich hoefolle tiid der oan it Frysk bestege wurdt.

It tal oeren dat der Frysk jûn wurdt?

Hoe faak wurdt it as fiertaal brûkt?

It part fan de skoallen dat it fak Frysk mei in sifer beoardielet is: persint. persint jout in (ûn-)foldwaande. persint jout gjin beoardieling.

Foldogge de skoallen oan harren profyl?

Wat fine de dielnimmers der fan dat de skoallen al of net dogge wat ôfsprutsen is mei de Provinsje? As skoallen wat oars dogge, makket it in soad út oft de skoalle mear docht of - wat mar al te faak bart - minder. Dêrom is de miening fan de respondinten hjiroer yn trije gefallen (skoalle docht: mear, genôch of minder) splist.

De grutte fan de taartdiagrammen is in mjitte foar it persintaazje skoallen dat dy kar makke hat.



Oersjoch fan de skoallen

Hjir folget yn tabelfoarm in part fan de resultaten gearfette per skoalle. As der mear respondinten komme, kin dat letter ek útsplist wurde nei groepen per skoalle.

Namme skoalle Plak Profyl Respons Ynhâld Wurdearring
l. en skr. lêzen omrop prima goed min
3000000
Bogerman loc. Hemdijk 2SnitsA1100100
Bogerman loc. Hemdijk 47Snits2020200
CBS De BolsterBalkB1000001
CBS De FinneJistrum1100010
CBS De FrisselFeanwâldenA1100100
CBS De OanrinTwizelC of minder1010010
CBS De RankMitselwierC of minder1010001
CBS De SprankelStiens B3000003
CBS De TarissingSpannum3300210
CBS De TwineDryltsC of minder2002002
CBS De WindeHurdegarypC of minder1001010
CBS It AnkerDronrypC of minder1001010
CBS It Iepen FinsterAchlumC of minder1001001
CBS MaximaschoolLjouwertC of minder3003003
CBS MooitakiBitgummoleA1100010
CBS de SkutslúsStarum1000001
CSG Liudger loc. RaaiDrachtenA1001001
CSG Liudger loc. WaskemeerWaskemarA3300030
Docht er net taSnits1100001
GBS De ParelDrachtenC of minder1001001
IKC FranciscusLjouwertB1000001
IKC WiardaGoutumC of minder1001001
Koningin WILHELMINA schoolLjouwert 1001001
Leeuwarder LyceumLjouwert4400040
Mienskipsskoalle De Legeaën Sibrandabuorren1010001
OBS Arjen RoelofsskoalleHijum1100100
OBS De BoarneAldeboarnA1010001
OBS De OanrinTwizel A1100010
OBS De RiemslootAppelskeaC of minder1001001
OBS De StevenFrjentsjerC of minder1001001
OBS De StriepeAldeholtpeaC of minder1001000
OBS De VosseburchtLjouwertB2001002
OBS De WjukslachLangsweagen2002002
OBS EpemaskoalleYsbrechtumC of minder1000001
OBS It HaskerplakAldehaskeB4130220
OBS Mr J.B. KanschoolAldhoarneB1100001
OBS Mst K.J. DijkstraElslo1100010
OBS Nynke van HichtumschoolDokkumB7025025
OBS UniaskoalleWurdumA1000100010
OBS ’t PartoerBurgumA1100000
OBS De Blinker (Dalton)Boalsert (stêd)|Boalsert1010010
OBS ’t WadHarnsC of minder1001001
OSG Piter Jelles YnSichtLjouwertB1010001
RKBS St. LudgerusschoolBalkA1001010
RKBS St. MattheusDe JouwerC of minder1001001
RSG Magister AlvinusSnitsA1100001
SWS De NijewierTsjalbertC of minder2002002
SWS De SylAldebiltsylC of minder1001010
VBS Van Haersma Buma SchoolDe HommertsA1010001
gjin ienMiddenmear1000001
spesjaal underwiis Talryk Drachten1001001
vuurvlinderSnits1001000
xLjouwert4001002

Tige tank foar jo meiwurking.

Kenne jo noch lju dy't mooglik harren miening en ynformaasje diele wolle, wolle jo dy dan in link nei ús webstek tastjoere?

Hjirboppe wiene gjin resultaten te sjen oer profilen dy't jo ynfolle hawwe fan skoallen dy't by ús net bekend binne. En de opmerkings hawwe jo hjir ek net werom fûn. Mar wy sjogge se wol en wy dogge der ek wol wat mei!

Folje de enkête wer yn as der eat feroaret!


Opmerkings

In tal fan de opmerkings steane hjirûnder. Om it anonym te hâlden binne ferwizings nei de skoalle weilitten. Ik haw al ris in reaksje jûn, mar in diskusje is fansels gjin part fan in enkête.
5 juny 2020   Oardiel: min
It waard oan ús bern mar ien oere yn de wike jûn (2018/2019). Sy sit no yn de 2e klasse. Mar dat is no (skoaljier 2019/2020) foar it earste jier feroare yn in 'Friese week'. Dus net mear systematysk Fryske les. Tryst!

5 juny 2020   Oardiel: min
Ik ben zelf Fries opgevoed. Mijn zoon spreekt thuis Nederlands, en een klein beetje Engels. Fries hoort hij bij mijn ouders wel eens, maar hoeft het van mij niet te leren. De taal vind ik niks, en ben van mening dat scholen het niet moeten onderwijzen. Het is achterhaald. Ook in Friesland wordt alles multicultureler en in de toekomst biedt het je zeker geen kansen meer. Beter wordt er meer les gegeven in bijv. Filosische vakken, yoga, biologie, voeding etc. Waar ze echt iets aan hebben later.

-- Hjir wurd ik wol fertrietlik fan. Mar yn in frij lân meie jo ek sizze dat jo Trump de bêste lieder ever fine. Dat taast my allikefolle yn de siele. P.D.


5 juny 2020   Oardiel: goed
De leararen binne o sa entûsjast. Foar learlingen dy’t it Frysk al behearskje meie de lessen wat mear útdaging hawwe, differinsjaasje. It fak wurdt faak jûn op in lêste oere en as de kar dan is: frij of Frysk sille in soad learlingen it earste kieze. Ik soe leaver sjen dat it in echt karfak wurdt Frysk of Frânsk bygelyks.

6 juny 2020   Oardiel: min
It mat folle mear!

6 juny 2020   Oardiel: min
Der wurd te folle eamelle en te min Frysk brûkt.

6 juny 2020   Oardiel: goed
Ik hie de enkête ynfolle, mar nei de tiid krige ik in oersjoch mei antwurden dy’t ik net jûn hie oer it tal oeren en Frysk as fiertaal. Dat jout in fertekene byld. Graach even checke, tink dat it in bug is. List mei skoallen nei 2x klikke wurket ek net.

-- Der siet yndied noch in flaterke yn it antwurdformulier. Oer dat de skoallen net yn byld komme, kin ik neat sizze. (Browserdinkje?) P.D.


6 juny 2020   Oardiel: goed
Yn de ûnderbou wurde de bern dy't frysk prate ek yn it frysk beandere, fierders binne de lessen noch net fan tapassing.

7 juny 2020   Oardiel: min
De klas wurdt in ferskeidene groepen yndielt. De guodens dy't al Frysk kinne, dy't in bytsje kinnen en dy't net kinne. De lêtste sjocht alline mar filmpkes, en de earste wurdt goed oan de tosk fjilt mei vocabulaire, skriuwen en lêzen.

9 juny 2020   Oardiel: min
Ik fyn dat it ûnderwiis folle better kin op dizze skoalle. De bern krije allinich yn de earste klas in heal jier Frysk en letter nea wêr. En se kinne it ek net as eksamenfak kieze.

-- En dizze skoalle hat in profyl A!


9 juny 2020   Oardiel: min
It Frysk wordt der troch de leerkreften mei de nekke oan sjoen. Binnen Hollanders die alles better wite. Opm. Jo komen nergens mei't Frysk. Pake krig al Frysk op de legere skoalle en letter ook de HBS fan Pier Feddema en op de BHLS Heger Lânbou Skoalle Ljouwert as ferplicht fak troch Roel Slofstra!! Kommunikaasje fan de gemeente SWF as 1e taal Frysk en it beslut fan rie fan Wymbritseradiel mei de plakmammen direct noch utfiere! (labbekakkerij fan de rie SWF)
it Fryske mat status krije ypf domme minsken dy't prate.

9 juny 2020   Oardiel:
ienFrysk wurd brûke is al in les! De school verrekt. De provincie moet financieel en daadwerkelijk toezicht houden op het gebruik van Frysk in het onderwijs. Een Fryske inspectie voor het lesgeven op de scholen om de geld voor het Frysk veilig te stellen en dat de scholen, meesteres en de juffrouwen niet de Fryske les saboteren. Fysiek onverwachte en niet aangekondige roosterinspecties in de school of de les daadwerkelijk wordt uitgevoerd! 1xwaarschuwen en dan fgeld terug vorderen van deze arrogante directeuren!

9 juny 2020   Oardiel: min
Fyn it spytich.Dit kin dochs net! Faak hawwe de learkrêften gjin Foch at se it wol hawwe skamje se harren foar hun ùtspraak.

18 juny 2020   Oardiel: prima
De regionale bestjoerders en de ûnderwiis ynspeksje moatte de skoallen folle mear op ‘e hûd sitte om harren wetlike ferplichtingen nei te kommen. Net fan dat benaude. Der binne altiden wol lju dy’t begjinne te eameljen. No trochpakke.

18 juny 2020   Oardiel: min
Us bernsbern sitte yn groep 2, noch gjin sifers. De skoalle (namme weilitten, P.D) hat in soad nederlânsktalige bern. Dat soe in ekstra ynspanning freegje. Dat wurdt net wiermakke.

23 juny 2020   Oardiel: min
Wy wiene in trijetalige skoalle (namme weilitten, P.D), mar troch de fusie is dat no net mear sa en wurdt it Frysk in stik minder jûn. Hiel spitich!
De juffen en meesters prate ek lang net allegearre Frysk.

24 juny 2020   Oardiel: min
Us soan sit yn de ûnderbou en wol by de beukers. Hy is fan hûs út net oars wend om Frysk te praten. Hoewol syn twa learkrêften oanjouwe him ferstean en begripe te kinnen, prate hja beide hast net Frysk werom. Oare Frysktalige bern ferbrekke harren al gau. Hoe it yn de oare groepen om en ta giet is ús net alhiel dúdlik. Wol hat it skoalhaad him alris dúdlik útlitten oer it Frysk, dat gjin prioriteit hawwe kin om't dat er safolle oare saken op it ûnderwiis ôfkomme dy’t oandacht freegje.

28 juny 2020   Oardiel: min
De bern op skoalle krije gjin Frysk, it ûnderwiis wurdt klasikaal yn it Nederlânsk dien, ûnderling wurdt der wol Frysk sprutsen, dwz, bern-ûnderwizer. Yn it begjin waard der noch wol sifers jûn mar dat is no net mear it gefal, Dat is eins ek wol logysk want der wurdt neat mear oan dien. We hawwe it yn de ferskate jierren wolris mei de learkrêften oer hawn neffens my stean se der wol posityf tsjinoer. Mar sille der altyd wol ien of mear beswier hawwe sadat it wer net trochgiet. We hawwe in pjutteboartersplak yn B. (namme weilitten, P.D) dy it hiel goed docht, bern en âlders bewust meitsje fan harren taalsitûaasje, der hat sprake fan west dit troch te setten nei it primêr ûnderwiis mar dit is spitigernoch net trochgong.
Ik haw in pear jier yn de mr sitten en de trijetalige skoalle oanrikkemandearre mar hjir is neat mei dien. Neffens my krijt de skoalle ek jild foar Frysk ûnderwiis mar wurde der oare potsjes mei fulle.

2 july 2020   Oardiel: min
Tsjek sjen en neiprate

22 augustus 2020   Oardiel: min
Gjin (berns)bern op skoalle! Mar wol in opmerking. Myn man silliger, TvdV., prate as skoalmaster altiten Fryske yn 'e klas. No noch hear ik, master praatte sa moai Frysk, dêre haw ik in soad fan leard!!! Ekskuses foar myn Frysk, net ien praat it no noch mei my hjirre yn Frankryk.

22 augustus 2020   Oardiel: min
Frysk mei neffens my mear sprutsen wurde op skoallen.

1 oktober 2020   Oardiel: min
It Frysk is no allinich in fak yn de earste klasse en spytich genôch net as eksamenfak te kiezen, ek al soe de learling dit wolle as ekstra fak derby. Dêrneist kin it ûnderwiis better, it nivo foar Frysktalige bern leit no gewoan te leech en is te makkelik en dat is om de Hollânsktalige bern gjin minne sifers heljen te litte. Dit soe yn myn eachen oars ynrjochte kinne wurde want it is fansels wol in skoalle foar HAVO & VWO en dy bern binne tûk genôch.
(oh ja: ik bin in ek-learling (19) fan de skoalle en ha eins gjin bern hjir sitten, woepsss)

30 oktober 2020   Oardiel: min
It Frysk hinget der wat by. Der hat in tiid west dat it sels net tastien wie Frysk te brûken bûten de lessen, yn'e gongen. Dat is gelokkich net mear sa. Ik ha it mei makke as juf. De metoade dý't oantúgd is, wurdt net mear brûkt. It is minimaal: Frysk ferstean. Yn Harns wenje in soad minsken dy't neat fan it Frysk ha moatte.

 

 

Wolle jo ús helpe om ús struibrieven te te fersprieden?
Jo sille fernimme dat in hiel soad minsken hert hawwe foar harren memmetaal. Mar ja, hoe faak komt it no yn de praktyk foar, dat men dêr wat fan fernimt?
Dizze siden binne frij fan 'cookies' en personalisearre reklame.
Yn ús eagen binne jo net it produkt, mar in persoan dy't wy ynformearje wolle om ta in wiis oardiel te kommen.
Fine jo wat wy dogge in goede saak, en wolle jo ús stypje, dan meitsje jo ús tige bliid.
Jo kinne altiten meidwaan oan aksjes fan 'Sis Tsiis'.
Jo binne hjirby ek útnûge om jo by ús aksjegroep oan te sluten.
Jo kinne ús ek finansjeel stypje troch in bedrach oer te meitsjen op:
bankrekken NL 12 ABNA 0822 4870 12
o.n.f. Stifting Fryske Taal